Anchor start
 

Sintrum Meartaligens
Beynfloedet it learen fan in oare taal it Nederlânsk yn negative sin? Nee, der is gjin limyt oan wat in bern oan taal leare kin. Sterker noch, de iene taal helpt de oare. Mear talen, mear toekomst! Wy, it Sintrum Meartaligens fan Cedin, advisearje skoallen yn it opsetten en ûnderhâlden fan twa- of trijetalich ûnderwiis. Wy begeliede netwurken fan trijetalige basisskoallen en middelbere skoallen yn Fryslân. Dêrneist binne wy ien fan de trije lanlik kwalifisearre oanbieders fan VVTO-Engels (Vroeg Vreemde Talen Onderwijs). Wy advisearje ek foar it fak Frysk apart.

Fak Frysk
Wy begeliede learkrêften by it jaan, yn stân hâlden en fersterkjen fan it fak Frysk, sawol yn it primêr, fuortset as beropsûnderwiis. Wy meitsje materialen en tinke mei yn de metoadyske learline om it fak Frysk op moderne wize ynhâld te jaan. Dêrneist organisearje wy eveneminten wêrmei’t wy draachflak kreëarje foar de taal.

Trijetalige Skoalle (3TS)
Yn Fryslân advisearje wy al hiel lang op it gebiet fan meartalich ûnderwiis, it brûken fan Frysk, Nederlânsk en Ingelsk neist elkoar. Sûnt 2007 begeliede wy in netwurk fan trijetalige skoallen: 3TS. Dat stiet foar Trijetalige Skoalle. Dy skoallen brûke neist it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk as fiertaal. Op guon mominten wurdt der dus les jûn yn it Frysk of Ingelsk. Wy helpe skoallen om dit trijetalige trajekt út te setten en fêst te hâlden. Wy meitsje ek lesmateriaal om it Frysk as fiertaal brûke te kinnen by oare fakken. Der binne meardere farianten fan in trijetalige skoalle, skoallen kinne yn de tiid fierder groeie.

Meartalich Fuortset Underwiis (MFU)
Sûnt 2010 begeliede wy in netwurk fan trijetalige skoallen: MFÛ (Meartalich Fuortset Underwiis). Dy skoallen fersterkje harren taalûnderwiis troch fakken te jaan yn de fiertalen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk.

 

Centrum Meertaligheid
Beïnvloedt het leren van een andere taal het Nederlands in negatieve zin? Nee, er is geen limiet aan wat een kind aan taal kan leren. Sterker nog, de ene taal helpt de andere juist. Meer talen, meer toekomst! Wij, het Centrum Meertaligheid van Cedin, adviseren scholen in het opzetten en onderhouden van twee- of drietalig onderwijs. Wij begeleiden netwerken van drietalige basisscholen en middelbare scholen in Friesland. Daarnaast zijn we één van de drie landelijk gekwalificeerde aanbieders van VVTO-Engels (Vroeg Vreemde Talen Onderwijs). We adviseren ook voor het vak Fries afzonderlijk.

Vak Fries
Wij begeleiden leerkrachten bij het geven, in stand houden en versterken van het vak Fries, zowel in het primair, voortgezet als beroepsonderwijs. We maken materialen en denken mee in de methodische leerlijn om het vak Fries op moderne wijze inhoud te kunnen geven. Daarnaast organiseren we evenementen waarmee we draagvlak creëren voor de taal.

Trijetalige Skoalle (3TS)
In Friesland adviseren we al geruime tijd op het gebied van meertalig onderwijs, het gebruik van Fries, Nederlands en Engels naast elkaar. Sinds 2007 begeleiden wij een netwerk van drietalige scholen: 3TS. Dat staat voor Trijetalige Skoalle of Drietalige School. Deze scholen gebruiken Nederlands, Fries en Engels als voertaal. Op sommige momenten wordt er dus les gegeven in het Fries of Engels. Wij helpen scholen om dit drietalige traject uit te zetten en vast te houden. We maken ook lesmateriaal om het Fries als voertaal te kunnen gebruiken bij andere vakken. Er zijn meerdere varianten van een drietalige school, scholen kunnen naarmate de tijd verstrijkt verder groeien.

Meertalig Voortgezet Onderwijs (MVO)
Sinds 2010 begeleiden wij een netwerk van drietalige scholen: MVO (Meertalig Voortgezet Onderwijs). Die scholen versterken hun taalonderwijs door hun vakken te geven in de voertalen Nederlands, Fries en Engels.