Anchor start Anchor Primair onderwijs
groep

1-8

Cedin makket lesmaterialen foar by it fak Frysk en foar Fryske deidielen. It is meastentiids tematysk lesmateriaal, op papier of digitaal. Foar de ûntwikkeling fan digitaal lesmateriaal wurkje wy gear mei ferskillende partijen, lykas Afûk, Mediaheads en Omrop Fryslân. De lêste makket skoaltelevyzje foar ferskillende doelgroepen. Cedin soarget foar byhearrend skriftlik ferwurkingsmateriaal. Cedin is ek nau belutsen by de ûntwikkeling fan de digitale omjouwing eduFrysk foar it fak Frysk yn it primêr ûnderwiis.

Ûnderbou
Yn de ûnderbou binne praten, harkjen en wurdskat fan belang. Mei de materialen fan Cedin kinne beukers aktivearre wurde yn de Fryske taal. Sa is der in temamap mei konkrete tematyske aktiviteiten, skoaltelevyzje, printeboeken en digitaal lesmateriaal yn de foarm fan websites en apps.

Middenbou
Yn de middenbou wurdt neist praten, harkjen en wurdskat oandacht bestege oan lêzen en skriuwen. Foar de lêste twa jildt: pas as de learlingen yn it Nederlânsk AVI E3 berikt hawwe wurde de typysk Fryske tekens en klanken oanbean. Cedin ûntwikkelet materialen foar al dizze ûnderwiisfasetten. Neist de metoade Frysk binne der materialen foar technysk lêzen, skoaltelevyzje en temaboekjes foar Wrâldoriïntaasje.

Boppebou
Yn de boppebou binne praten, harkjen, lêzen en skriuwen fan belang. Cedin ûntwikkelet materialen foar al dizze ûnderwiisfasetten. Neist de metoade Frysk binne der materialen foar technysk- en begripend lêzen, skoaltelevyzje en temaboekjes foar Wrâldoriïntaasje, Skiednis, Biology en Muzyk.

Materialen besjen of bestelle? Yn de bestellist steane alle materialen oardere op groep.

groep

1-8

Cedin maakt lesmaterialen voor bij het vak Fries en Friese dagdelen. Het is veelal thematisch lesmateriaal op papier of digitaal. Voor de ontwikkeling van digitaal lesmateriaal werken wij samen met verschillende partijen, zoals Afûk, Mediaheads en Omrop Fryslân. De laatste maakt schooltelevisie voor verschillende doelgroepen. Cedin zorgt voor bijbehorend schriftelijk verwerkingsmateriaal. Cedin is ook nauw betrokken bij de ontwikkeling van de digitale omgeving eduFrysk voor het vak Fries in het primair onderwijs.

Onderbouw
In de onderbouw zijn spreken, luisteren en woordenschat van belang. Met de materialen van Cedin kunnen kleuters geactiveerd worden in de Friese taal. Zo is er een themamap met concrete thematische activiteiten, schooltelevisie, prentenboeken en digitaal lesmateriaal in de vorm van websites en apps.

Middenbouw
In de middenbouw wordt naast spreken, luisteren en woordenschat aandacht besteed aan lezen en schrijven. Voor de laatste twee geldt: pas als de leerlingen in het Nederlands AVI E3 bereikt hebben worden de typisch Friese tekens en klanken aangeboden. Cedin ontwikkelt materialen voor al deze onderwijsfacetten. Naast de methode Fries zijn er materialen voor technisch lezen, schooltelevisie en themaboekjes voor Wereldoriëntatie.

Bovenbouw
In de bovenbouw zijn spreken, luisteren, lezen en schrijven van belang. Cedin ontwikkelt materialen voor al deze onderwijsfacetten. Naast de methode Fries zijn er materialen voor technisch – en begrijpend lezen, schooltelevisie en themaboekjes voor Wereldoriëntatie, Geschiedenis, Biologie en Muziek.

Materialen bekijken of bestellen? In de bestellijst staan alle materialen geordend op groep.

Anchor Voortgezet onderwijs
klasse

1-6

Freemwurk
Freemwurk is de metoade foar it fak Frysk yn it fuortset ûnderwiis. De metoade is foar alle learjierren en nivo’s. Mei Freemwurk kin de learling oan de hân fan autentike situaasjes syn/har mûnlinge en skriftlike feardichheden op in heger nivo bringe. Fansels binne net alle elarlingen gelyk, sy ferskille kwa talige achtergûn, kognityf fermogen en taalgefoel. Omdat learlingen mei Freemwurk foaral selsstannich leare, kinne alle learlingen – Frysktalich of net – yn eigen tempo op eigen nivo oan it wurk. Freemwurk bestiet út in tekstboek, in wurkboek, in dosintehantlieding en in CD mei hark- en sjochmateriaal. De boeken binne útjûn op twa nivo’s: vmbo en vmbo-t/havo/vwo. Foar de boppebou en twadde faze binne moduleboeken beskikber. Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei de Afûk (www.afuk.nl), de útjouwer fan Freemwurk.

Freemwurk komt út 2006 en is ûndertusken ferâldere. De Afûk ûntwikkele(t) dêrom in nije digitale learomjouwing, fu.edufrysk.nl. Dêryn is Freemwurk ek opnommen.

fu.Edufrysk.nl (it nije freemwurk.nl)
Foar it middelber ûnderwiis ûntwikkelet de Afûk in ynternetomjouwing: fu.edufrysk.nl. It is in site dy’t de dosint Frysk romte jout om digitale lessen op maat te meitsjen, mar der kin foar it earste learjier ek in komplete digitale lesserige folge wurde. Learlingen leare op fu.edufrysk net allinne Frysk yn ‘e foarm fan teksten en oefeningen, mar se kinne ek games dwaan om in basiswurdskat te learen. Op fu.edufrysk.nl stiet in skat oan materialen foar it fak Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Cedin wurket yn dit projekt gear mei de Afûk en soarget foar ynhâld en ymplemintaasje fan de learomjouwing. Sjoch foar mear ynformaasje op: fu.edufrysk.nl.

LinKk
LinKk is in tydskrift foar by it fak Frysk yn de ûnderbou. LinKk hat in ferskaat oan artikels, ynterviews, foto's, popnijs en gadgets. De tema’s yn LinKk komme oerien mei de tema’s yn Freemwurk. It blêd komt 6x yn in skoaljier út. By it tydskrift wurde twa ferwurkingskaterns oanbean: in katern foar net-Frysktalige learlingen en in katern foar Frysktalige learlingen. Sjoch foar mear ynformaasje op: www.linkk.tv.

Skoaltelevyzje
Yn gearwurking mei Omrop Fryslân makket Cedin skoaltelevyzje foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Foarbylden fan programma’s binne LinKk en I.K. Cedin soarget foar byhearrend skriftlik en digitaal ferwurkingsmateriaal. Sjoch foar mear ynformaasje en de programma’s op www.skoaltv.nl. De programma’s en de ferwurking binne ek te finen op fu.edufrysk.nl.

Map mei 40 lessen foar
VMBO Omdat de Fryske metoade Freemwurk oan de drege kant is foar VMBO’ers, ûntwikkele Cedin in map mei 40 kant en kleare lessen foar it VMBO

klas

1-6

Centrum Meertaligheid maakt lesmateriaal voor het vak Fries in het voortgezet onderwijs. Voor de scholen die aangesloten zijn bij het netwerk Meertalig Voortgezet Onderwijs ontwikkelt het centrum ook Fries lesmateriaal dat gebruikt kan worden bij andere vakken.

Freemwurk
Freemwurk is de methode voor het vak Fries in het voortgezet onderwijs. Freemwurk biedt de leerling de mogelijkheid om aan de hand van authentieke situaties zijn/haar mondelinge en schriftelijke vaardigheden op een hoger niveau te brengen. Uiteraard zijn alle leerlingen niet gelijk. Zij verschillen qua talige achtergrond, cognitieve vermogens en taalgevoel. Omdat leerlingen met Freemwurk vooral zelfstandig leren, kan elke leerling - Friestalig of niet - in eigen tempo en op eigen niveau aan het werk. Freemwurk bestaat uit een tekstboek, een werkboek, een docentenhandleiding en een cd met kijk- en luistermateriaal. De boeken zijn uitgegeven op 2 niveaus: vmbo en vmbo-t/havo/vwo. Voor de bovenbouw en tweede fase, zijn moduleboeken beschikbaar. Voor meer informatie kunt u contact opnemen met de Afûk (www.afuk.nl), de uitgever van Freemwurk.

De methode stamt uit 2006 en is dus onderhand verouderd. De Afûk ontwikkelde daarom een nieuwe digitale leeromgeving, fu.edufrysk.nl. Daarin is Freemwurk opgenomen.

fu.Edufrysk.nl (het nieuwe freemwurk.nl)
Voor het middelbaar onderwijs ontwikkelt de Afûk een internetomgeving: fu.edufrysk.nl. Het is een site die de docent Fries ruimte geeft om digitale lessen op maat te maken, maar er kan voor het eerste leerjaar ook een compleet lessenserie gevolgd worden. Leerlingen leren op fu.edufrysk.nl niet alleen Fries in de vorm van teksten en oefeningen, maar ze kunnen ook games doen om een basiswoordenschat te leren. Op fu.edufrysk.nl staat een schat aan materialen voor het vak Fries in het voortgezet onderwijs. Cedin werkt in dit project samen met de Afûk en zorgt voor inhoud en implementatie van de leeromgeving. Kijk voor meer informatie op: fu.edufrysk.nl.

LinKk
LinKk is een tijdschrift voor bij het vak Fries in de onderbouw. LinKk heeft een verscheidenheid aan artikelen, foto’s, interviews, popnieuws en gadgets. De thema’s in LinKk komen overeen met de thema’s in Freemwurk. Het blad komt 6x per schooljaar uit. Bij het tijdschrift worden twee verwerkingskaternen aangeboden: een katern voor niet-Friestalige leerlingen en een katern voor Friestalige leerlingen. Kijk voor meer informatie op: www.linkk.tv.

Schooltelevisie
In samenwerking met Omrop Fryslân maakt Cedin schooltelevisie voor de onderbouw van het voortgezet onderwijs. Voorbeelden van programma’s zijn LinKk en I.K. Cedin zorgt voor bijbehorend schriftelijk en digitaal verwerkingsmateriaal. Kijk voor meer informatie en de programma’s op www.skoaltv.nl. De programma’s en de verwerking zijn ook te vinden op fu.edufrysk.nl. Map met 40 lessen voor VMBO Omdat de Friese methode Freemwurk nogal eens als lastig wordt ondervonden door VMBO’ers, ontwikkelde Cedin een map met 40 kant en klare lessen voor het VMBO.

Anchor Bestellijst
 

Hjir fine jo in brosjuere mei in oersjoch fan alle útjeften en materialen dy’t it Sintrum Meartaligens foar hannen hat.

DRUK HJIR FOAR DE KATALOGUS
DRUK HJIR FOAR DE BESTELLIST

Bestelle kin troch de bestellist te printsjen en ynfolle werom te stjoeren nei:

Cedin - Sintrum Meartaligens
T.a.f. Gerrit Hoekstra
Lavendelheide 21
9202 PD DRACHTEN

Digitaal bestelle kin ek. Stjoer jo bestelling nei g.hoekstra@cedin.nl. De rekken krije jo tagelyk mei de bestelling.

 

Hier vindt u een brochure met een overzicht van alle uitgaven en materialen die het Centrum Meertaligheid voor handen heeft.

KLIK HIER VOOR DE CATALOGUS
KLIK HIER VOOR DE BESTELLIJST.

Bestellen kan door de bestellijst te printen en ingevuld terug te sturen naar:

Cedin - Centrum Meertaligheid
T.a.v. Gerrit Hoekstra
Lavendelheide 21
9202 PD DRACHTEN

Digitaal bestellen kan ook. Stuur uw bestelling naar g.hoekstra@cedin.nl. De factuur krijgt u tegelijk met de bestelling.