Anchor start Anchor Voor- en vroegschools

0-4

jier

Begelieding foar- en ierskoalske perioade
 

Yn de foar- en ierskoalske perioade wurdt troch de ûnderwiisadviseur wurke oan it realisearjen fan in trochgeande taalrike learline foar jonge bern. Dy trochgeande learline is rjochte op de oansluting fan berne-opfang op de ûnderbou fan de basisskoalle, sadat bern fan jongs ôf oan yn oanrekking komme mei in meartalige, taalrike omjouwing. De ûnderwiisadviseur wurket hjirfoar gear mei it SFBO (Sintrum Frysktalige Berne-opfang).  

Yn Ljouwert wurdt al wurke oan in stedspilot. Dat konsept wurdt útrôle yn oare stedsgebieten lykas Snits, It Hearrenfean en Drachten. De begelieding is fergees, troch subsydzje fan de Provinsje Fryslân. De ûnderwiisadviseur is hieltyd op syk nei skoallen dy’t har ynsette wolle foar meartalichheid by it jonge bern. Dêrby kinne se fergees gebrûk meitsje fan in memmetaalsprekker Frysk dy’t him yn gearwurking mei de learkrêft rjochtet op de Fryske taal. Op dy manier komme bern yn kontakt mei sawol de Nederlânske as de Fryske taal dy’t skieden oanbean wurde.

0-4

jaar

Begeleiding voor- en vroegschoolse periode

In de voor- en vroegschoolse periode wordt door de onderwijsadviseur gewerkt aan het realiseren van een doorgaande taalrijke leerlijn voor jonge kinderen. Deze doorgaande lijn is gericht op de aansluiting van kinderopvang op de onderbouw van de basisschool, zodat kinderen van jongs af aan in aanraking komen met een meertalige, taalrijke omgeving. De onderwijsadviseur werkt hiervoor samen met het SFBO (Sintrum Frysktalige Berne-opfang).

In Leeuwarden wordt al gewerkt met een stadspilot. Dit concept wordt uitgerold in andere stedelijke gebieden zoals Sneek, Heerenveen en Drachten. De begeleiding is gratis dankzij subsidie van de Provincie Fryslân. De onderwijsadviseur is steeds op zoek naar scholen die zich in willen zetten voor meertaligheid bij het jonge kind. Daarbij kunnen ze gratis gebruik maken van een moedertaalspreker Fries die zich samen met de leerkracht richt op de Friese taal. Op deze manier komen kinderen in contact met zowel de Nederlandse als de Friese taal die gescheiden aangeboden worden.

Anchor Primair onderwijs

4-12

jier

Begelieding primêr ûnderwiis

De ûnderwiisadviseurs fan Cedin –ekspertizesintrum Meartaligens begeliede skoalteams by it realisearjen fan yntegraal taalbelied, wêrby’t neist de Nederlânske en Ingelske taal, ek de Fryske en/of streektaal oan bod komt. Undersyk wiist út dat meartaligens in stimulearjende ynfloed hat op ûnder oaren de taalûntwikkeling fan bern, as dêr op in ferantwurde wize mei omgien wurdt. Benammen bern yn ‘e leeftyd fan 0 – 8 jier binne hiel taalgefoelich. Hjir moat adekwaat op ynspile wurde. Oan de skoallen de útdaging om mei in goed taalbeliedsplan goede ôfspraken te meitsjen oer it omgean mei meartaligens en it ynsetten fan gaadlike learmiddels.

Begelieding is fergees troch subsydzje fan de Provinsje Fryslân, it Ministerie van OC&W en de Europeeske Kommisje. De ûnderwiisadviseurs steane graach foar jo klear foar ûnder oaren:   

• Alderjûnen oer alle aspekten fan meartalich ûnderwiis 
• In taalbeliedsplan 
• Oplieding taalkoördinator 
• Kearndoelen Frysk 
• Lesmaterialen

4-12

jaar

Begeleiding primair onderwijs

De onderwijsadviseurs van Cedin – Centrum Meertaligheid begeleiden schoolteams bij het realiseren van integraal taalbeleid, waarbij naast de Nederlandse en Engelse taal, ook de Friese en/of streektaal aan bod komt. Onderzoek wijst uit dat meertaligheid een stimulerende invloed heeft op onder andere de taalontwikkeling van kinderen, als hier op een verantwoorde manier mee wordt omgegaan. Met name kinderen in de leeftijd van 0 - 8 jaar zijn heel taalgevoelig. Hier moet adequaat op worden ingespeeld. Aan de scholen de uitdaging om via een taalbeleidsplan goede afspraken te maken over het omgaan met meertaligheid en het inzetten van passende leermiddelen.

Begeleiding is gratis dankzij subsidie van de Provincie Fryslân, het Ministerie van OC&W en de Europese Commissie. De onderwijsadviseurs staan graag voor u klaar voor onder andere:   
• Ouderavonden over alle aspecten van meertalig onderwijs 
• Een taalbeleidsplan 
• Opleiding taalcoördinator 
• Kerndoelen Fries 
• Materialen voor meertalig onderwijs

Anchor Voortgezet onderwijs

12-18

jier

Begelieding fuortset ûnderwiis  

De ûnderwiisadviseurs fan Cedin –ekspertizesintrum Meartaligens begeliede dosinten Frysk yn it fuortset ûnderwiis by it foarmjaan fan harren fak. Dêrneist ûntwikkelje se materialen foar by it fak Frysk en Frysktalich materiaal foar oare fakken. De ûnderwiisadviseurs begeliede en koördinearje ek it netwurk fan Meartalich Fuortset Underwiis yn Fryslân. Dat binne middelbere skoallen dy’t har ynsette wolle foar, en profilearje wolle mei meartalich fuortset ûnderwiis.

Begelieding is fergees troch subsydzje fan de Provinsje Fryslân, it Ministerie van OC&W en de Europeeske Kommisje. De ûnderwiisadviseurs steane graach foar jo klear.

12-18

jaar

Begeleiding voortgezet onderwijs

De onderwijsadviseurs van Cedin – Centrum Meertaligheid begeleiden docenten Fries in het voortgezet onderwijs bij het vormgeven van hun vak. Daarnaast ontwikkelen ze materialen voor bij het vak Fries en Friestalig materiaal voor andere vakken. De onderwijsadviseurs begeleiden en coördineren ook het netwerk van Meertalig Voortgezet Onderwijs in Fryslân. Dat zijn middelbare scholen die zich willen inzetten voor, en willen profileren met meertalig voortgezet onderwijs.

Begeleiding is gratis dankzij subsidie van de Provincie Fryslân, het Ministerie van OC&W en de Europese Commissie. De onderwijsadviseurs staan graag voor u klaar.

Anchor MBO

18+

jier

Begelieding MBU  

De begelieding op de Friese Poort, it Friesland College en it Nordwin College rjochtet him op de ynfiering fan it Frysk yn bepaalde modules fan bepaalde opliedings. Dêrta wurdt in spesifyk kurrikulum skreaun en ûntwikkele, yn gearwurking mei de Afûk. De Friese Poort wol mei yngong fan skoaljier 2014/2015 it kurrikulum ynfiere foar de stúdzjerjochtings: Onderwijsassistent, Pedagogisch werk, Helpende Zorg en Welzijn en Verzorgende.

18+

jaar

Begeleiding in het MBO

De begeleiding op de Friese Poort, het Friesland College en het Nordwin College richt zich op de invoering van het Fries in bepaalde modules van bepaalde opleidingen. Daarvoor wordt een specifiek curriculum geschreven en ontwikkeld, in samenwerking met de Afûk. De Friese Poort wil met ingang van schooljaar 2014/2015 het curriculum invoeren voor de studierichtingen: Onderwijsassistent, Pedagogisch werk, Helpende Zorg en Welzijn en Verzorgende.